Geite-wolle-sokke partij
Op 7 september hienen we yn Mantgum in primeur. Foar it earst yn it bestean fan de Keninklijke Nederlânske Keats Bûn waard de geite-wolle-sokkepartij ferkeatst.
Der waard keatst yn twa ferskillende klassen. Bij de jongste bern wie it “girlpower” dy’t der mei de krânsen fan troch gienen. Yn in poultsje fan 3e wie it twatal fan Rixt Mulder en Tara de Puijsselaar de sterksten.
Bij de âldste bern gie de hage ek al wer nei de Kolmar. Der hat salang de Kolmar bestiet noch nea safolle krânsen oan de mourre hongen. It petoer fan Willem Reitsma en Nik de Puijsselaar wienen hjir it sterkste. Ek hjir waard poultsje keatst.
Al mei al in slagge dei en 4 keatsers dy’t de skiednis boeken yn gean as earste winners fan de geite-wolle-sokke partij.
Geplaatst op 18 September 2014